Follybalfroulju Snits kampioen
De follybalfroulju fan Snits binne sneontejûn kampioen wurden fan de B-league en spylje takom seizoen wer op it heechste plan. Yn de Snitser sporthal waard Havoc mei 3-0 oan de kant set. De setstannen: 25-19, 25-22 en 25-19.
De kompetysje yn de B-league duorret noch trije wedstriden, mar de foarsprong fan de Snitser froulju is grut genôch. Ek Taurus, de nûmer twa, is al wis fan promoasje nei de A-league.
Trefwurden:
argyf