5.000 man yn sikehûs Snits

20 mrt 2010 - 16:35

Sawat 5000 minsken hawwe sneon in besite brocht oan de iepen dei fan it sikehûs yn Snits. De organisaasje sprekt fan in grut súkses. Besikers koene ferskate testen dwaan, lykas in bloeddrukmjitting en in hertecho.

Fierder wiene der ferskate ynformaasjestands en koene de ambulânses besjoen wurde. De belangstelling yn Snits wie boppe ferwachting. Ek de festiging yn Emmeloard wie sneon iepen. Dêr kamen 2000 minsken te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)