Mei 116 km troch Eastersee
In 22-jierrige man fan de Lemmer is freedtemiddei syn rydbewiis kwyt rekke omdat er fierstente hurd troch Eastersee ried.
De bestjoerder passearde in snelheidskontrôle mei de lasergun mei 116 kilometer de oere wylst 60 km de oere dêr de maksimumsnelheid is. De Lemster krige in stopteken, wêrnei't syn rydbewiis ynnommen waard. Ek krige er proses-ferbaal.
Trefwurden:
argyf