Ljouwert: himpkwekerij oprôle

20 mrt 2010 - 15:30

Yn in wenning oan de Populierstrjitte yn Ljouwert is freedtejûn in himpkwekerij oantroffen. De plysje wie nei de wenning gien omdat ien fan 'e bewenners mooglik noch boetes betelje moast. Dizze bewenner wie der net, wol fûn de plysje yn twa sliepkeamers goed twahûndert himpplanten.

De planten binne mei de apparatuer yn beslach naam. De elektrisiteit waard yllegaal ôftape. In man en in frou fan 27 jier binne oanholden en hawwe proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)