Plysje pakt ramkreakers op

De plysje hat sneontemoarn betiid twa Ljouwerters fan 22 en 26 jier oanhâlden foar in ramkreak by in winkel oan de Canadezenlaan. De manlju rieden earder yn de nacht mei de auto tsjin de tagongsdoarren fan de winkel. Neidat it alarm ôfgien wie, bellen omwenjenden de plysje. Dy koene de Ljouwerters dêrnei yn in auto oan de Borniastrjitte oanhâlde.
It is net dúdlik oft se wat út de winkel stellen hawwe. De manlju moasten mei nei it buro.