Tabe Kooistra ferstoarn

20 mrt 2010 - 15:05

Bokstrainer Tabe Kooistra út Ljouwert is sneontemoarn yn 'e âldens fan 63 jier ferstoarn. Kooistra wie al in skoft slim siik. Kooistra wie foarsitter en trainer fan boksferiening Olympia yn Ljouwert.

It fertriet is grut by de leden fan 'e feriening. Tabe Kooistra wie de grutte promoter fan it boksen yn Ljouwert. Hy wie ûnder oare trainer fan Reino van der Hoek dy't ferskate kearen de nasjonale titel wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)