Man komt om by ûngelok Hallum

20 mrt 2010 - 11:58

By in ûngelok op de Grienedyk by Hallum is sneon in man út Marrum (19) sa slim ferwûne rekke, dat er letter kaam te ferstjerren. De man rekke by it ynheljen fan in oare auto fan de dyk ôf en yn 'e feart. De man út de auto slingere en bedarre yn 'e sleat. De man waard yn kritike tastân nei it sikehûs brocht.

De oare bestjoerder kaam mei de skrik frij. It ûngelok barde op de trochgeande dyk fan Ljouwert nei Holwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)