Fytster Burgum dochs ferstoarn

02 apr 2012 - 11:11

In 73-jierrige frou út Suwâld is sneon ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok trije wike ferlyn yn Burgum. De frou fytste dy dei oer de Skoalstrjitte yn Burgum. By in dykfersmelling waard se oanriden troch in 81-jierrige autobestjoerder út Bûtenpost.

De frou rekke by it ûngelok slim ferwûne. Sneon is se ferstoarn.

Trefwurden: 
ûngelok Burgum fytster
(advertinsje)