CDA stelt fragen oer erfpacht

19 mrt 2010 - 22:03

It CDA hat fragen stelt oan minister Verburg fan lânbou oer de wurkwize fan steatsboskbehear yn de kwestje fan de erfpacht.

Steatsboskbehear wol de erfpacht foars ferheegje. De waadeilannen binne it hjir lykwols net mei iens. Der binne op de eilannen bepaalde beperkings, dêr't steatsboskbehear neffens harren rekken mei hâlde moat. Dat gebeurt op it stuit net. It CDA wol no fan de minister witte oft dit wier is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)