SC Cambuur wint fan Telstar

19 mrt 2010 - 21:52

Sportklup_Cambuur hat de útwedstriid tsjin Telstar mei 2-1 wûn. Cambuur wie de boppelizzende partij mar it duorre lang foar't de skoare iepen brutsen waard. Tsien minuten foar tiid makke Nassir Maachi nei in moaie oanfal de 0-1. In pear minuten letter soarge Mark de Vries mei syn 18de goal fan it seizoen foar 0-2.

Glynor Plet makke it noch spannend troch de 1-2 te meitsjen, mar fierder kaam Telstar net. Cambuur is no wis fan dielname oan de play-offs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)