VVD mooglik yn kolleezje S'lân

19 mrt 2010 - 21:27

De partijen PvdA, CDA, ChristenUnie en de VVD foarmje nei alle gedachten it nije kolleezje fan Smellingerlân. Dat is de útkomst fan de ynformearjende petearen dy't der de ôfrûne dagen west ha.

De fjouwer partijen besette 21 fan de 31 riedssitten. De VVD, grutte winner by de ferkiezings, komt nij yn it kolleezje. Takom wike sil útein set wurde mei de ûnderhannelings oer in kolleezjeprogram.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)