Unike plakboeken by museum

19 mrt 2010 - 20:11

It histoarysk sintrum Ljouwert hat in unike searje plakboeken fan âld-boargemaster G.J. te Loo krigen. Te Loo hat yn de jierren 80 en 90 tsien jier boargemaster fan Ljouwert west.

Dêrnei is de Harnzer ferskate kearen as waarnimmend boargemaster aktyf west. Te Loo hat yn syn perioade as boargemaster plakboeken byhâlden. Neist kranteknipsels sitte der ek foto's en brieven yn de plakboeken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)