Nepbom: fertocht boatsje

02 apr 2012 - 11:07

In ynwenner fan Ljouwert hat by de plysje meld dat er sneontejûn twa manlju yn in boatsje sjoen hat dy't wat rûns yn it wetter goaiden. De plysje hâldt der no rekken mei dat it giet om de neimakke seemyn dy't snein foar in soad opskuor soarge yn Ljouwert. Der waard grut alarm slein en bewenners yn de omkriten fan skouboarch De Harmonie moasten yn 'e hûs bliuwe.

Letter die bliken dat it om in 1 aprilgrap gie en dat de seemyn fol siet wie mei purskom. De plysje is no op syk nei de twa opfarrenden fan it boatsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)