Sven Kramer 6e op 500 meter

19 mrt 2010 - 17:09

Reedrider Sven_Kramer is it WK allround op It Hearrenfean knap útein set. Kramer kaam op de 500 meter ta in tiid fan 36,45 en stiet dêrmei op in dield sechsde plak yn it klassemint. De grutste útdagers fan Kramer, Bokko en Skobrev, waarden 11e en 12e.

De Poal Konrad Niedzwiedski wie de rapste op it iis fan Thialf. Hy ried as iennige fan de 24 dielnimmers ûnder de 36 sekonden: 35,68. Letter op de dei wurdt de 5000 meter noch riden. Kramer rydt yn rit 10 tsjin Dobbin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)