Nije oplieding wettersport

19 mrt 2010 - 12:21

It Friesland College begjint yn augustus mei in nije oplieding Allround Meiwurker Wettersport. De oplieding rjochtet him op minsken dy't gek binne op farren en dy't derfoar soargje dat oaren mei nocht it wetter opgeane. Neffens de skoalle moat de mbo-oplieding jongeren tariede op in baan yn de wettersport en it toerisme.

Dat wurk kin ûnder oaren bestean út it farklear meitsjen fan boaten, it ûntfangen fan klanten, it jaan fan farynstruksje en it dwaan fan ûnderhâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)