4 partijen Sm'lân prate troch

Fjouwer partijen prate de kommende tiid fierder oer de foarming fan in nij kolleezje yn de gemeente Smellingerlân. Dat binne PvdA, CDA, ChristenUnie en VVD. Dy fjouwer partijen hawwe mei elkoar 21 fan de 31 riedssitten yn hannen.
De grutste partij yn de gemeente, de PvdA, hat fan 'e wike mei alle sân riedsfraksjes in petear hân en op basis dêrfan prate de fjouwer partijen mei elkoar fierder. Dat bart kommende wike.