Earste aaien Wymbrits en Bilt

19 mrt 2010 - 11:23

Sjouke Pieter Visser fan Jirnsum hat freedtemoarn it earste ljipaai fan Wymbritseradiel fûn. Dat lei tusken Nijlân en Folsgeare. It aai is yntusken oanbean oan boargemaster Jacob Reitsma fan Wymbrits.

Wim Kingma fan Nije Altoenae en Ludo Mombaerts fan Sint Anne hawwe it earste ljipaai fan It Bilt fûn. Sy fûnen it freedtemoarn yn de greide by de Blikken Pleats by Sint Anne. Boargemaster Aucke van der Werff nimt it aai yn ûntfangst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)