SC Hearrenfean sûnder Elm

Viktor Elm
Hearrenfean middenfjilder Viktor Elm is net ynsetber yn de wedstriid tsjin NEC. De Sweed hat noch tefolle hinder fan in ljiskblessuere. In blessuere dy't hy ferline wike oprûn yn de útwedstriid tsjin Vitesse.
Ek Michal Svec, Michal Papadopulos en Brian Vandenbussche binne net beskikber. Vandenbussche is hersteld fan syn knibbelblessuere, mar melde him hy tongersdei ôf fanwege búkklachten. "Brian heeft iets verkeerds gegeten", sei Jan Everse.