Earste aaien Boalsert en Snits

19 mrt 2010 - 11:15

Wiebe Palstra en Jan Kroese hawwe freedtemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Boalsert fûn. Se fûnen it yn de greiden by Laad en Zaad. Se biede it aai oan oan boargemaster Willemien Vroegindeweij.

It earste ljipaai fan de gemeente Snits is fûn troch Niemarkt fan Skearnegoutum. Hy fûn it freedtemoarn yn de greide tusken Offenwier en de Aldfeart. Boargemaster Hayo Apotheker nimt it yn ûntfangst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)