Koalysje FNP-CDA yn Gaasterlân

Bram Bonnema (FNP) wethâlder yn Gaasterlân-Sleat
De FNP'er Bram Bonnema fan Frjentsjer is kandidaat-wethâlder yn Gaasterlân-Sleat. Dat makket ynformateur Gerben Gerbrandy freed bekend. Nei in ynformaasje-ronde is besletten dat de FNP en it CDA mei elkoar fierder prate oer in koalysje. De ferwachting is dat de partijen dêr wol útkomme.
Bonnema wie de lêste fjouwer jier wethâlder yn Frjentsjerteradiel, mar de FNP komt dêr net werom yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.