Frisse Wind út ûnderhannelings

19 mrt 2010 - 10:14

De nije politike partij Frisse Wind docht net mear mei oan de koalysje-ûnderhannelings yn Harns. De partij is sels út de formaasjeronde stapt en makket dat freed bekend. De partij fynt dat benammen de PvdA te gau in djoere ynformateur oansteld hat.

Frisse Wind seit dat soks oanjout dat te maklik omsprongen wurdt mei jild fan boargers. Neffens in parseferklearring hie Frisse Wind sels wol fergees in ynformateur beskikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)