Fiif ferwûnen ûngelok by Blije
By in ûngelok op de Ljouwerterdyk yn Blije binne tongersdeitejûn fiif minsken ferwûne rekke. In 20-jierrige autobestjoerder út Ferwert woe linksôf, mar waard noch ynhelle troch in oare auto. Dy waard bestjoerd troch in 21-jierrige man út Foudgum. Dy rekke de auto fan de Ferwerter fol yn de flank.
Bestjoerders en ynsitters binne mei ferwûnings oan de nekke nei it sikehûs brocht.
Trefwurden:
argyf