Bestelwein ferliest glêsplaat

De plysje siket de bestjoerder fan in bestelwein, dy't earder dizze wike op de Sudergoawei ûnder Parregea in glêsplaat ferlear. Troch it fallende glês rûn in persoane-auto nochal wat skea op. De bestjoerder fan de bestelwein hat dat nei alle gedachten net yn de gaten hân en is trochriden.
De plysje siket dêrom de bestjoerder of oaren dy't wat sjoen hawwe. It ynsidint wie tiisdeitemiddei om fjouwer oere hinne.