Bysûnder skipsmodel yn tsjerke

18 mrt 2010 - 22:11

Yn de Doniatsjerke yn Makkum hinget sûnt tongersdeitejûn in hiel bysûnder skipsmodel. It giet om in kofskip út de kolleksje fan de Kingmastifting. Dy skinkt it skipke oan de tsjerke, omdat dat ek it plak is dêr't Hylke Jans Kingma begroeven leit.

Dizze skipper, reder, keapman en oaljeslagger is de grûnlizzer fan de suksesfolle famylje Kingma, dy't letter de Kingma's bank oprjochte. De namme fan Hylke Jans stiet ek achter op it skipsmodel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)