Sintrale As yn 3D
Takom wike tiisdei wurdt de trijediminsjonale wrâld fan de Sintrale As presintearre. Dit sil plakfine op de Bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert. By de Sintrale As giet it om de dyk fan Nyegea nei Dokkum.
Yn de presintaasje is te sjen hoe't de Sintrale As yn it lânskip leit en hoe't de dyk oanslút op besteande wegen. Ek wurde der in oantal keunstwurken yn it trasee toand.