Earste aai Frjentsjerteradiel

18 mrt 2010 - 18:27

It earste ljipaai yn Frjentsjerteradiel is tongersdeitemiddei fûn troch de 59-jierrige Jelle Velsma út Tsjummearum. It aai waard troch Velsma fûn yn in stik greide by de Roordamaleane, súdlik fan Tsjummearum.

Boargemaster Fred Veenstra nimt it aai freed yn ûntfangst. Velsma kriget neist it jildbedrach fan fyftjin euro ek noch in sulveren ljip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)