Earste ljipaai Dongeradiel
It earste ljipaai fan de gemeente Dongeradiel is tongersdeitemoarn fûn oan de Mitselwiersterdyk ûnder Ealsum. De finer wie de 42-jierrige Benno van der Meulen fan Dokkum.
It aai wurdt freedtemoarn oanbean oan boargemaster Marga Waanders. Van der Meulen krijt dan in oarkonde en 20 euro finerslean.