Boer op kursus antibiotika

Feehâlders yn Nederlân brûke te folle medisinen. Der wurdt benammen in soad antibiotika tatsjinne. Om dat te ferminderjen binne der no kursussen foar melkfeehâlders. Dêr leare boeren op ferantwurde wize om te gean mei medisinen. De kursus wurdt jûn troch in groep fee-artsen op fersyk fan guon suvelôfnimmers.
Fan hiel Europa hat Nederlânsk fee hat de measte antibiotika yn him. Benammen yn hinnefleis sit in soad antibiotika.