Ljouwert: nij bedriuw derby

Foto: Omrop Fryslân
In bedriuw dat elektryske auto's ûntwikkelet komt spesjaal nei Ljouwert fanwege it goede klimaat foar duorsumens. Novolectriq iepenet nije wike in festiging yn Ljouwert. It bedriuw ûntwikkelt foar grutte autofabrikanten software en ûnderdielen foar elektryske auto's.
Novolectriq hat keazen foar in festiging yn Ljouwert om't de gemeente bot ynset op duorsumens. Foarearst sille der sa'n tsien persoanen oan de slach.