Talant slút útfanhûzershuzen

18 mrt 2010 - 12:23

Talant moat trije fan 'e seis útfanhûzershuzen yn Fryslân slute omdat it finansjeel net mear út kin. It giet om de plakken yn Drachten, Damwâld en ien op It Hearrenfean. De twa adressen yn Ljouwert en in twadde op It Hearrenfean bliuwe iepen.

Yn 'e huzen wurde jierliks 160 bern mei gedrachsproblemen of in ferstanlike beheining opfongen. Se kinne dêr útfanhûs, sadat de âlden eefkes tiid foar inoar of foar de oare bern yn 'e húshâlding hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)