Mooglik trochstart draafbaan

18 mrt 2010 - 11:36

De draafbaan yn Wolvegea makket mooglik in trochstart. Hynstefokker Casper Veldink út Hoorn hat in bod fan 2,5 miljoen euro útbrocht. Hy hopet dat de baan dêrmei rêden wurde kin.

Veldink ferwachtet binnen no en twa wiken dúdlikens fan 'e kurator. Veldink wol de draverij yn Nederlân nij libben ynblaze en hy wol dêrom ek de baan Duindigt oernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)