Brân yn wente yn Britsum

18 mrt 2010 - 11:32

In wenhûs yn Britsum hat tongersdei skea oprûn by in brân. Dy ûntstie de moarns op 'e de boppeferdjipping fan it hûs. Wat de oarsaak fan de brân is, is noch net bekend.

Brânwachtkorpsen út Stiens, Ljouwert en Frjentsjer waarden oproppen foar it betriden fan 'e brân. Dy hiene it fjoer oan de ein fan 'e moarn ûnder kontrôle. By de brân is gjinien ferwûne rekke. Hoe grut de skea is, moat noch besjoen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)