Elma: noch ien kear flamme

Elma op NK allround 2010
Reedrydster Elma de Vries wol dit wykein brûze op alle ôfstannen by de WK Allround. Alteast, foar safier't se it noch kin, want de âld-ynwenster fan De Haule is wurch. Se hat in drok seizoen achter de rêch, mar wol noch ien kear alles jaan.
De Vries is maratonrydster, mar hat ek meidien oan ferskate langebaan-eveneminten lykas de Olympyske Spelen yn Vancouver. Simmerdeis is De Vries aktyf by it skeelerjen. Se hat no de ein wol wat yn 'e bek.