Brêge yn Appelskea stremd

18 mrt 2010 - 10:36

De brêge Stokersferlaat yn Appelskea is fan ein maart ôf hast trije wike ticht foar al it ferkear oer de dyk. De stremming is nedich, omdat de brêge ferve wurde moat. Mei buorden wurdt in omlieding oanjûn.

As alles neffens planning giet, is de brêge ôfsluten fan 29 maart oant en mei 16 april.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)