Himpplakken Ljouwert ûntromme

18 mrt 2010 - 10:15

De plysje hat tongersdeitemoarn yn Ljouwert twa himpkwekerijen ûntdutsen. Yn in hûs oan De Anjen fûn de plysje in pear planten, mar ek tusken de fiif en de seis kilo oan himptoppen. Yn in hûs oan de Grinzerstrjitwei stiene fjouwerhûndert planten op de earste en twadde ferdjipping en op 'e souder.

Yn beide gefallen is de himp en de kweekapparatuer yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)