Deade lammen yn sleat Garyp

18 mrt 2010 - 10:10

Yn in sleat by de Stûkenwei yn Garyp binne woanasdei sân deade lammen fûn. Wa't de bisten deadien hat, is net dúdlik. De plysje siket dat noch út. Ferline jier waarden op datselde plak ek al deade skiep en lammen fûn.

Eigners fan deade bisten binne ferplichte om se oan te bieden by it destruksjebedriuw yn Burgum, seit de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)