Tafersjoch fanwege driichtweet

It Bogerman Kolleezje yn Snits © Google Street View
De plysje hâldt moandei previntyf tafersjoch by it Bogerman Kolleezje yn Snits oan de Himdyk. Freed waard yn in tweet drige dat de skoalle yn de brân stutsen wurde soe en der waard ek mei de geweld drige.
It berjocht op twitter kin in út de hân rûne grap wêze, mar kin ek serieus bedoeld wêze. Dêrom is yn oerlis mei boargemaster Hayo Apotheker, de offisier fan justysje en de skoalle besletten om tafersjoch te hâlden. Wa't de tweet pleatst hat, is net bekend.