Fermiste frou ûnderkuolle fûn

18 mrt 2010 - 10:05

Der hat woansdei in grutte sykaksje west nei in fermiste frou út Aldegea Wymbrits. De 44-jierrige frou wie net weromkaam fan har wurk. Famyljeleden dy't dêroer ynsieten, skeakelen de plysje yn. Jûns let waard de auto fan de frou weromfûn op rekreaasjeterrein De Potten by Snits. De ynset fan in plysjehûn smiet neat op.

De plysje socht dêrop mei in nachtkiker de omjouwing ôf en fûn de frou. Se is slim ûnderkuolle nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)