Friso Bouw bout teater Snits

17 mrt 2010 - 22:21

It Snitser oannimmersbedriuw Friso Bouw mei it nije teater oan de Westersingel yn Snits bouwe. It gebou is ûntwurpen troch arsjitekteburo Alberts & Van Huut, dy't ek it Gasunie gebou yn Grins tekene hawwe.

De arsjitekten brûke natuerlike materialen en wurkje mei tunen en fiverpartijen yn har gebouwen en op it dak. Der binne ferskate mieningen yn Snits oer it ûntwerp dat acht miljoen euro kostje mei. Friso Bouw set nei de boufak útein mei it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)