Diskoteek as jongereinsintrum

17 mrt 2010 - 20:18

Wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop en diskoteek Gossip fan It Hearrenfean ha in plan betocht om it jongerenwurk yn de gemeente better te meitsjen. De diskoteek dy't op it stuit benammen yn de wykeinen drok besocht wurdt sil no ek troch de wike iepen wêze.

It gebou sil dan brûkt wurde as jongereinsintrum. Beide partijen binne optein oer de mooglikheden fan de gearwurking. Neffens Caleidoscoop wie der bot ferlet fan in nij plak foar de jongerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)