Undersyk mar Aldegea útsteld

17 mrt 2010 - 20:07

Smellingerlân moat meibetelje oan de realisaasje fan in nije mar ûnder Aldegea. Dat fine Provinsjale Steaten. Deputearre Konst wol ûndersyk dwaan nei it plan, mar de steaten wolle earst dúdlikens oer de finansiering.

Smellingerlân soe derfan útgean dat de provinsje de folsleine kosten fan it miljoeneprojekt betellet. Mar dat giet de steatefraksjes te fier. Se wolle dat der earst dúdlikens komt oer de finansiering. Der moat earst in helberensûndersyk dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)