A32 ticht om reparaasjewurk

Rykswettersteat sil fan freedtejûn ôf reparaasjewurk dwaan oan de A32 by it knooppunt Hearrenfean. De froast fan de ôfrûne moannen hat op dit plak foar in protte skea soarge. De reparaasjes binne tydlik. In definityf opknappen fan de dyk kin pas letter plakfine as it better waar is.
De ferbining út Grins nei It Fean sil tusken freedtejûn 21.00 oere oant sneontemoarn 4.00 oere ôfsletten wêze. It ferkear sil omlaat wurde fia de oansluting Hearrenfean-West.