Cartesius moat werombetelje

17 mrt 2010 - 16:31

De provinsje wol de ynvestearring yn it Cartesius-ynstitút werom hawwe. Amtners ûndersykje oft it mooglik is de 450.000 euro werom te foarderjen. Ferline wike makke direkteur Bleize bekend dat it ynstitút ophâldt.

It wurk fan it kennissintrum soe net goed genôch mear oanslute op de duorsume ûntwikkelings yn de merk. Der komt in ûndersyk nei de delgong fan it ynstitút. Dat hat deputearre De Vries tasein. Se is teloarsteld oer it lot fan it ynstitút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)