Burgum wol ôf fan flaggemêst

Te keap: in flaggemêst fan tweintich meter, sels op te heljen yn Burgum. Dat is it boadskip fan Doarpsbelang Burgum, dy't it ûnderhâld fan de mêst net mear betelje kin. De stielen peal is der tsien jier lyn fanwege Simmer 2000 delset, mar is fertutearze rekke.
In opknapbeurt kostet 3.000 euro en jierliks ûnderhâld 1500. En dat kin Doarpsbelang net betelje. Fansels wol Doarpsbelang wol flagje mar net tsjin sa'n hege priis. De flaggemêst stiet by de brêge oan it PM-kanaal.