Ofsjitten wylde einen mei net

17 mrt 2010 - 11:36

De provinsje hat net terjochte in ûntheffing ferliend foar it ôfsjitten fan wylde einen. Dat hat de Raad van State bepaald. Earder fage de rjochtbank de ûntheffing ek al fan tafel. Dat wie neidat Faunabeskerming der beswier tsjin oantekene hie.

De provinsje gie tsjin de útspraak fan de rjochtbank yn berop by de Raad van State, mar hat dat ferlern. Neffens de Raad van State hat de rjochtbank syn beslút terjochte naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)