Positive jiersifers Ljouwert

De gemeente Ljouwert slút it jier 2011 ôf mei in posityf resultaat fan 2,1 miljoen euro. Dat docht bliken út de jiersifers dy't de gemeente moandei presintearre. De positive sifers binne opfallend, want de gemeente hâlde earder sels noch rekken mei in negatyf resultaat fan 2 miljoen euro.
It positive resultaat is benammen te tankjen oan in hegere útkearing út it gemeentefûns. Mar de gemeente joech ek minder jild as ferwachte út oan amtners en it eigen gemeentlik apparaat.
Fierders wie de fytstunnel ûnder it Oostergoplein in stik goedkeaper as begrutte en oan ûnderhâld fan diken, rioel en iepenbier grien waard ek minder útjûn. Offallers wiene der ek. De gemeente wie mear jild kwyt oan de bystân. De ynkomsten út bouleezjes foelen ek bot ôf. Al mei al is it kolleezje fan b. en w. tefreden oer de jierrekken fan 2011. De gemeente is finansjeel sûn en goed bysteat om troch te gean mei it ynvestearjen yn gruttere projekten lykas de wettercampus en de lânboucampus.
De gemeenteriedsfraksje fan de VVD is kritysk oer de jierrekken fan 2011. Fraksjefoarsitter Serge Hollander is op himsels 'wol bliid' mei it positive resultaat, mar hy tinkt ek dat de gemeente der net oan ûntkomt om de kommende jierren noch folle mear te besunigjen. Under oare de problemen by it grûnbedriuw en de hege útjeften foar de bijstân sille de gemeente dêrta twinge, sa tinkt Hollander. It past de gemeente dan ek net om al te optein te wêzen oer it positive resultaat oer 2011, sa seit Hollander.