Tsjûgen oanriding socht
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding fan woansdeitemoarn kertier oer fiven op de Ryksstrjitwei by Tytsjerk, wêrby't de feroarsaker trochried. In autobestjoerder dy't fan Tytsjerk kaam en oerstekke woe, krige gjin foarrang fan de bestjoerder fan in swarte persoane-auto. Dy kaam fan Ljouwert en is nei alle gedachten troch read riden.
Nei de oanriding naaide er út. It slachtoffer hat him noch achternei sitten, mar koe him net achterhelje.
Trefwurden:
argyf