Goutumer fandaal oppakt

17 mrt 2010 - 09:49

De plysje hat in jonge (16) út Goutum oppakt omdat er mei in stel oaren in tal auto's fernield hat op de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert.

De auto's binne yn de nacht fan freed op sneon stikken makke. Fuort dêrnei waard ien fan seis jonges heard, mar doe waard net dúdlik wa't de dieder wie. Ut fierder plysje-ûndersyk kaam nei foaren dat de 16-jierrige Goutumer der wat mei te krijen hie. Hy hat yntusken bekend. De plysje wol ek noch mei in jonge fan 17 út Goutum prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)