Supermerk Snits net op snein

17 mrt 2010 - 09:45

De ried fan Snits hat tiisdeitejûn tsjin de sneinsiepenstelling fan de Albert Heijn en Super de Boer stimd. Beide supermerken woene it hiele jier troch op snein iepen. Mar de ried wol net dat de omwenners sân dagen yn de wike oerlêst fan klanten mei auto's hawwe.

Super de Boer hat noch in beswier rinnen tsjin it wegerjen fan de fergunning. It wie juster de earste riedsgearkomste mei de nije boargemaster Hayo Apotheker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)