Krityk op Bilts ketebelied

17 mrt 2010 - 06:54

De jongerein op It Bilt is min te sprekken oer it nije ketebelied fan de gemeente. Dy wol de keten tastean, mar dan moatte de keten en de eigners oan strange easken foldwaan.

Sa meie der mar 20 minsken yn in keet en dy moatte ek nochris op in ledelist stean. Fierder moat de keet brânfeilich wêze en meie de man of frou mar fiif fleskes bier dronken wurde. De gemeente wol mei dizze strange regels foarkomme dat de hoareka in klacht yntsjinnet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)